弗里西语
翻译:
http://www.google.com/preferences?hl=fy 图片:
http://images.google.com/images?hl=fy&source=hp&q=Ynstellings&btnG=Ofbyldings+Sykje&gbv=2 网站:
http://www.google.com/search?hl=fy&source=hp&q=Ynstellings&gbv=2&ie=UTF-8&sa=N&tab=iw Web Jo ha socht om siden mei de tekst Ynstellings. Relevante siden 1 - 10 (fan 'e likernôch 116,000). (0.22) sekonden)
Resultaten fan it sykjenYnstellings
Karmenu ynstellings. (feroarings jilde foar alle tsjinsten fan Google) ... Jo kinne gjin ynstellings fêstlizze. Pas de ynstellings fan jo ynternetprogramma ...
www.ijapan.org/blue/browse.php?u...b=29 - CacheOmrop Fryslân > Nijs > Mear Nijs > Digitale bondeling ynstellings
De digitale argiven fan fjouwer kulturele ynstellings yn Ljouwert kinne nea mear weireitsje troch brân of oare rampen. Dat komt troch de gearwurking fan ...
www1.omropfryslan.nl › Nijs - CacheOmrop Fryslân > Sykje, resultaten foar "ynstellings"
Jo ha socht op "ynstellings", yn de ferskillende ûnderdielen fan de site bringt dat de folgjende resultaten: Nijs > 40. Utstjoerings > 8. Algemien > 0 ...
www1.omropfryslan.nl/Sykje_ynstellings.aspx - Cache
Toan mear resultaten fan www1.omropfryslan.nlWikipedy:Ynstelling-rie - Wikipedy
Jump to Menubalke ynstellings: Persoanlike ynstellings. Try Beta · Oanmelde. Navigaasje. Haadside · Wikipedy-mienskip · Hjoed · Koartlyn feroare ...
fy.wikipedia.org/wiki/Wikipedy:Ynstelling-rie - Cache2.2.3.3. Oare ynstellings
Archieftoegang: 180-14 Algemiene Fryske Underrjochtskommisje (AFUK) van Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum)
www.archieven.nl/index.php/db?miview=inv2...0... - CacheHelp & FAQ / Chat Op Netlog
Om dyn chat-ynstellings te feroarjen, dochst it neikommende: ... Klik op 'Ynstellings' yn it topmenu - Klik op 'Privacy' yn it submenu ...
fy.netlog.com/go/helpdesk/view=question&faqid=275 - CacheOpera Help: Foarkar
Opera's Foarkar skerm hat in grut tal fan brûkbere ynstellings; ... Dizze ynstellings sille effekt hawwe op de aktive ljepper en ek alle ljeppers dy't ...
help.opera.com/Windows/9.20/fy/preferences.html - CacheRE: [Kde-i18n-fry] Ynstellingen vs Ynstellings
27 mrt 2005 ... It is meast in dialektferskil: ynstellings is >> eastlik, ynstellingen westlik. >> Út it eachweid fan purisme wurdt faak it s-meartal brûkt. ...
www.archivum.info/.../RE:-%5BKde-i18n-fry%5D-Ynstellingen-vs-Ynstellings.html - CacheWapedia - Ynstellings
Ynstellings. Your device doesn't support cookies, or they are switched off. Sorry, but you can't configure Wapedia without cookie-support. ...
wapedia.mobi/fy/Wiki:Prefs?nocache=w4b68c877d753b&prefsdo... - Cache[PDF] Swingel 19-2007
Bestânstype: PDF/Adobe Acrobat - HTML-ferzje
ta is, of in ferflakking yn it Frysk sels – omdat men. De kwaliteit fan it Frysk. Sytze T. Hiemstra en by yn de media oare Fryske ynstellings (I) ...
members.chello.nl/~s.hiemstra/PDF/swingel19-p6-11.pdf
http://www.fryskebeweging.nl/ Lêste nijs fan de Fryske Beweging
Fryslân House giet goed
Nei de iepening mei de Friesland Day yn septimber 2009 hat it Fryslân House yn New York al 17 dielnimmende bedriuwen.
It Fryslân House is in gearkomste- en kantoare-akkommodaasje foar Fryske bedriuwen op lokaasje. It is in plak om te wurkjen en gear te kommen mei bygelyks potintsjele klanten, sûnder dat dy in lange reis nei Fryslân meitsje moatte.
De lokaasje yn New York hat de neikommende dielnimmers: Agro Alliantie, Axtra Voorzetapparatuur BV, Business Development Friesland, Campuslan B.V., Advies- en ingenieursbureau DHV, Expeditie Leeuwarden, Fryslân Marketing, Hawar IT, Hielke Dijkstra trainer, consultant, coach, Lift marketing communicatie bv, OAK Onix Achterbosch Kunstwerken, Parc Estate Recreatie Makelaars, Snakeware, SONNEMA VodkaHERB, Vripack, Workcity en haadsponsor is de Friesland Bank.
Boarne: Fryslân Ferbynt
De Willewike 2010
De Willewike wurdt yn ’e maaiefakânsje holden op de Folkshegeskoalle yn Hoarne (Skylge). Bern/learlingen krije moarns yn in ûntspannen sfear Fryske les (materiaal fan Cedin/AFÛK). Middeis en jûns is der in rekreaasjeprogramma (bygelyks in muzykmiddei, in middei strân/bosk, in middei winkeljen Midslân, in middei keatsen, in bûnte jûn, in speurtocht, in ekskurzje mei de rêdingsboat en safolle mooglik bûtenaktiviteiten).
De bern/learlingen skriuwe in selsskreaune Fryske kaart nei hûs en hâlde in Frysk deiboek by mei alle aventoeren. Fierder wurde de minsken thús op de hichte hâlden fan de aktiviteiten troch in online fideodeiboek dat alle jûnen op dit webstek te besjen wêze sil. Dit jier sil it kamp wer yn twa groepen opdield wurde. Op dy wize kinne der ynstee fan 15 dit jier 30 bern mei.
Om mear bekendheid te jaan oan de willewike is de rinpromotoer holden. Twa frijwilligers fan de Willewike hawwe by23 skoallen lâns west om in poster op te hingjen en struibriefkes efter te litten. De earste fjouwer bern hawwe har al opjûn nei oanlieding fan de promotoer.
Sjoch foar mear ynformaasje op
www.willewike.nl De redaksje fan it nijs stimulearret de willewike. Dêrom hawwe wy fergees de banner fan de willewike op ús side pleatst. De banner komt ek op de side
www.goedfrysk.nl,
www.fryskebeweging.nl en op
www.koraalorkesthymne.nl te stean.
Ynterfryske kalinder 2010
De folgjende moetings steane kommend jier op priemmen:
Snein - 24 jan. betinking fan de Slach by Hartwarden ''Rodenkirchen'', 15 km. westlik fan Bremerhaven
3-6 febr. Boeremoeting yn Westerl. Fryslân ynformaasje Fryske Rie
freed 19 febr. Edufrysk yn Ostrhauderfehn yn Sealterlân (sjoch Friesisch Forum)
Snein - 21 feb Biikebrennen
Tiisdei 25 maaie jierlikse Upstalbeam gearkomste
om 18.00, 8 km. súdwestlik fan Auwerk
28,29 en 30 maaie Ynterfrysk wykein op 't Hilgelân opjaan by de Fryske Rie
Ein july Ynterfrysk simmerkamp jongereinkamp yn it Sealterlân
25 septimber Slach by Warns betinking om 13.45 oere op it Reaklif
Klik hjir..
Ôfskied Gryt Elsinga
It is al wer in skoftke lyn dat Gryt Elsinga ôfskied nommen hat fan de Ried fan de Fryske Beweging. Se hat jierrenlang in soad wurk foar de Ried fersetten.
Hjirby wolle wy har noch ien kear tige tankje.
Klik hjir..
Brief fan it Konsultatyf Orgaan
It Konsultatyf Orgaan hat nei oanlieding fan de opmerking fan minister Plasterk oer de taalkar by Omrop Fryslân in brief oan de minister skreaun. Der is al in pear kear nei it brief frege. De Ried hat dêrom frege om it brief en dizze tastjoerd krigen fan it KO om him op de hiemside te setten.
Hjir is er dan:
Klik hjir..
FUEN-kongres 2009 yn Brussel
Ut namme fan de Ried fan de Fryske Beweging namen Jaap Rinzema en Willem Riemersma ein septimber diel oan it jierlikse kongres fan de Federal Union of European Nationalities (fuen).
Jaap Rinzema en Willem Riemersma
Gearstalling en doelen FUEN
By de fuen is in grut tal organisaasjes fan minderheden yn Europa oansletten. De fuen hat benammen as doel om yn it kontakt mei steatsoerheden en mei ynstellings fan de Europeeske Uny en de Ried fan Europa de belangen en posysje fan de minderheden te tsjinjen en fuort te sterkjen.
Fan de fuen meitsje de saneamde nasjonale minderheden (bygelyks de Denen yn Dútslân en krekt oarsom) it grutste part út, mar ek de saneamde taalminderheden sûnder kin state (in oare steat dêr’t dy taal de steatstaal is), blaze in partij mei. By dy groep hearre ek de Westerlauwerske Friezen en de Noard-Friezen, de Bretons, de Kasjûben, de Rhaeto-Romanen en de Sorben, om mar in tal te neamen.
En oer de jierren wurdt harren lûd hieltiten dúdliker en mear fernommen.
Moeting Yntergroep yn it Europeeske Parlemint
Yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan de fuen, dy’t doedestiids troch Friezen(!) en Bretons oprjochte wurden is, waard it kongres dit jier yn Brussel holden, yn de wike fan de Europeeske Dei fan de Talen.
Eins fansels stie ek in besite oan it Europeeske Parlemint op it programma. Der wie in rûnlieding taret – fan de tribune ôf folgen wy in gearsit fan it Parlemint – en dêrnei hiene wy in gearkomste mei de saneamde Yntergroep fan it Parlemint. De Yntergroep is in cross party forum fan it Europeeske Parlemint foar fraachstikken oangeande minderheden en hat in pear kear yn it jier yn Strasbourg yn in saneamd Dialooch Forum oerlis mei keazen fertsjintwurdigers fan de fuen. It Dialooch Forum is in platfoarm foar direkt en lykweardich petear tusken de fuen en de Yntergroep, mei it doel de saak fan minderheden tichterby it Europeeske Parlemint te bringen. Ien fan dy fertsjintwurdigers fan de fuen yn it Dialooch Forum is ús foarsitter fan de Ried, Jabik van der Bij.
Klik hjir..
Swingel 25
Swingel nûmer 25 is út. Yn dizze Swingel ûnder oare: Ta de neitins oan Tony Feitsma, Diskusjestik oer taken foar de Ried, Plattelânsfroulju en it Frysk ensafh.
Swingel 25.pdf (1.42 MB)
Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen
Hjir del te laden. In gearfetting fan it Europeesk hânfêst foar regionale minderheidstalen.
Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen.pdf (980.21 KB)
Fryslân is gjin Hollân
Yn oktober ha inkele Earste-Keamerleden fragen steld oan steatssekretaris Bijleveld oer de namme Nederlân yn in tal East-Europeeske talen yn it Nederlânske paspoart. De fragen fan de keamerleden en it antwurd fan de steatssekretaris steane fierderop.
De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat it tiid wurdt in ein te meitsjen oan it brûken fan de namme Hollân dêr’t Nederlân bedoeld wurdt. It antwurd fan de steatssekretaris stelt de Ried net gerêst. Der ride al te folle frachtweinen om mei it opskrift “Drachten Holland”. De Ried hat mefrou Bijleveld dêrom in brief skreaun dêr’t hja yn oantrune wurdt om offisjeel radikaal ôfstân te nimmen fan it op dizze wize oantsjutten fan Nederlân. It brief is hjir ûnder ek opnommen.
Brief oan de steatssekretaris
Oan de steatssekretaris fan Ynlânske Saken
Mefrou drs. A.Th.B. Bijleveld-Schouten,
Postbus 20011,
2500 EA Den Haach.
Ljouwert, 21 desimber 2009
Rju achte mefrou Bijleveld,
Klik hjir..
‘Ynsprutsen’ in sukses
Op ‘t ynternet binne hjoed de dei ferskillende ‘voice-overs’ te finen. Dat binne ynsprutsen filmkes mei faak in bêste lading humor. Sa is it kompjûterspul ‘Grand Theft Auto – San Adreas’ ynsprutsen yn it Frysk, en de personaazjes fan de Thunderbirds prate no ek Frysk.
Koartlyn is de webside
www.ynsprutsen.nl online gien. De inisjatyfnimmers Douwe-Jan Rozema en Jorn Idzerda begûnen yn 2008 mei it ynsprekken fan in stikje út de televyzjesearje ‘The A-Team’. It earste filmke krige de titel ‘Fryske A-Team – Nei de Mac’. ”It idee foar Ynsprutsen kaam by it sjen nei oare ynsprutsen filmkes op ‘t ynternet, mar dy wienen net yn it Frysk en der waard net folle oan de ôfwurking dien.” It earste filmke fan Douwe-Jan en Jorn hie aardich wat hits, en dat motivearre om in stapke fierder te gean mei langere filmkes en noch mear lûdseffekten.
Nei it twadde filmke foel it op dat minsken de filmkes net maklik fine koenen. Yn ferskillende webside-statistiken, lykas op YouTube, wie te sjen dat minsken op allegear ferskillende manieren sochten nei de ynsprutsen filmkes. ”De namme Ynsprutsen is der kaam nei it meitsjen fan ‘Douwe de Kabouter’, om it sykjen wat makliker te meitsjen. Mei dy namme hawwe wy ek ien YouTube-kanaal foar alle filmkes makke.”
De filmkes ferskynden ek op oare websiden. Lykas op in Nederlânske nijsside dy’t de filmkes nijsgjirrich fûn en benammen it idee wurdearje koe.
No binne alle filmkes te finen op
www.ynsprutsen.nl. Dat is no noch in portaal foar de filmkes, mar sil letter noch fierder útwreide wurde mei fergeze ringtones fan lûdsfragminten, en mear ynteraksje mei de besikers. Dêrneist is Ynsprutsen aktyf op YouTube, Froeks.tv en Hyves.
De filmkes fan Ynsprutsen binne no al sa’n 10.000 kear besjoen.
‘Die Twa’ yn de top-40
It duo Die Twa sjocht hielendal gjin beheiningen yn it feit dat se allinnich mar yn it Frysk sjonge. Neffens de manlju wurket it sels yn harren foardiel. Wy krije in protte positive reaksjes. De twa manlju timmerje al in pear jier mei suskes oan de dyk as feestduo. De omslach nei eigen nûmers is twa jier lyn begûn. Yn in radiostudio belâne it duo mei harren debútsingel by platemaatskippij Diesel Joy Records. Dy hearden it ferske en joegen daliks in platekontrakt. De earste singel waard in beskieden hit yn de Singel top-100. Mar de lanlike DJ’s waarden no wol bekend mei Die Twa. De twadde singel ‘Famke fan myn dreamen’ hat foar de definitive trochbraak soarge. It nummer hat heech op de hitlisten stean.
Op dit momint stiet it nûmer Fûgels op nûmer 10 yn de tophûndert. Minsken binne wyld fan Die Twa en meie graach hearre nei de nûmers dy’t se sels skriuwe en meitsje.
Boarne:
www.itnijs.nl Krystkongres 2009
It krystkongres is in twa dagen duorjend evenemint organisearre troch FFJ Bernlef en WSSFS út Wageningen.
Dit jier wurdt it op moandei 28 en tiisdei 29 desimber holden. Op de earste dei wurdsto om 10:30 oere ferwachte op it gemeentehûs yn Frjentsjer. De boargemaster fan Frjentsjer sil ús hjir ferwolkomje wylst wy ûndertusken genietsje fan in bakje kofje en in plakje kake. Neidat wy útorearre binne mei de boargemaster sille wy ôfsette foar in hearlik miel yn de âldste studintekroech fan Nederlân, de Bogt fen Guné.
Klik hjir..
Joadske Lieders yn Nije Testamint
It Ferbân fan Fryske Foargongers is in unyk trefpunt foar dûmnys, tsjerklik wurkers en oare gemeenteleden dy’t foargean meie yn Frysktalige tsjinsten of dy’t yn it Frysk in tsjerklik ûnderwerp ynliede wolle. Foargongers kinne lid wurde en oare minsken gastlid, wylst geregeld ek losse gasten meidogge.
Yn ús earstfolgjende gearkomste op woansdei 17 febrewaris 2010 sil dûmny Piet Meinema fan Balk foar ús in preek hâlde. Syn tekst is: Lukas 18 de fersen 9 oant en mei 14. Syn téma is: “Joadske lieders yn it Nije Testamint”.
Nei syn preek kinne alle oanwêzigen har fisy jaan op de ynhâld en it taalgebrûk dêrfan, neidat de earste kritikus de foarset jûn hat. Dat is dûmny Hedzer Boersma fan Nijhoarne.
Datum: woansdei 17 febrewaris 2010.
Tiid: fan 9.30 oant 12 oere.
Plak: Kuriostsjerke oan de Julianaleane te Ljouwert.
Nei it skoft is der in leske yn Frysk taalidioom fan ds Bernard Smilde fan Ljouwert. Ek mei elk in stelling ponearje oer de Tsjerke of oer it Frysk, dy’t miskien letter ris útwurke wurde kin. Ta beslút mei elk oanjaan, hokker ynbring hy of hja yn de oare gearkomsten jaan wol yn ‘e foarm fan in referaat, in preek of in oare bydrage yn it Frysk.
Elk, dy’t niget oan sa’n besprek hat, is wolkom. In Lieteboek foar de Tsjerken meinimme.
Neiere ynformaasje is te krijen by ds. E. Jongstra fan Blije;
till. 0519-562732; epost:
e.jongstra1@chello.nl « StartPrev1234567FolgjendeEnd »
Page 1 of 7 ‘’
http://www.google.com/search?gbv=2&hl=fy&q=Diskusjegroepen&btnG=Sykje http://www.tresoar.nl/mmtresoar/main/nieuws_volledig.jsp?nieuwsitem=30704&stylesheet=nieuws.css&lang=fr Groeps-útdaging Feestlift biedt in moaie útdaging om yn in ynternetgroep te redendielen oer de fraach wa’t it mogelikerwize skreaun hawwe. Dêrom is op
www.edufrysk.nl in spesjale lêzersgroep opset oer
Feestlift. Edufrysk is de edukative website fan de Afûk, ornearre foar selsstannige stúdzje Frysk fia ynternet. It foarmjen fan diskusjegroepen is dêr in ûnderdiel fan. Op Edufrysk moatte minsken, nei in moanne fergees tagong, abonnemintsjild betelje. Tresoar is dwaande mei de ûntwikkeling fan in frij tagonklike en ynteraktive website spesjaal oer Fryske literatuer, mar dy is noch net klear.
Nije metoade Doe’t de lêzers yn 1953 riede moasten wa’t de auteurs wiene fan it boekewikegeskink
Trijekaert, koene se kieze út mar fyftjin nammen, en wie der gjin ynternet. Doe moasten je de priis noch allinne oplosse, of miskien mei in groep by elkoar sitten gean, of mei elkoar korrespondearje. No kinne de lêzers kieze út 85 nammen. Durk Hibma c.s. hawwe har dus in folle dreger puzel foarset as de Fryskeboeklju fan 1953. Oan de oare kant, hjoeddedei mei ynternet is it makliker en spannender om de kennis fan mear minsken gear te baljen.
Earste resultaten De groep is opset troch Teake Oppewal op freed 5 maart. In wike letter binne der 17 leden. De earste fraach dy’t oan de oarder kommen is yn it nijsfoarum, is hokker ferhalen troch in man en hokker troch in frou skreaun binne. De mieningen ferskille mar komme wol nei elkoar ta. Foar ferhaal 2, ‘It reade fytske’, is in frou op leeftyd kandidaat, omdat se de útdrukking ‘beare nijsgjirrich’ brûkt foar de tinzen fan manlik persoan, en omdat se har haadpersonaazje wol mobyl belje lit mar net sms-se. Oppewal mient nochal stellich dat er yn it ferhaal ‘De fioele’ de styl fan Aggie van der Meer weromken, en yn ‘Deus ex’ dy fan Willem Schoorstra. It is oant no ta net dúdlik oft de oare groepsleden it mei syn arguminten iens binne.
Hoe meidwaan? Elkenien kin fergees in moanne lang abonnee wurde op de tsjinsten fan Edufrysk. Foar it Feestlift-projekt is dat mear as genôch, want as op 23 maart de oplossing bekend makke wurdt, is it spultsje fansels út. Nei in moanne ferfalt it proefabonnemint automatysk.
Wolle jo meidwaan? Gean dan op
www.edufrysk.nl fierder mei de opsje ‘Ik wil meedoen/Ik wol meidwaan’, en dan wiist it paad him fansels hoe’t je ynlogje moatte. As jo foar it earst ynlogge binne, gean dan nei ‘Start’en ‘Persoanlike pagina’. Dêr stiet midden boppe-oan in rigel foar in sykterm. Folje yn ‘Feestlift’, kies rjochts dêrfan foar ‘Groep’ (en net ‘Brûker’) en aktivearje it sykjen. Dan ferskynt it plaatsje fan de Feestlift-groep mei dêrûnder de oprop ‘Wurd lid’. Klik op it plaatsje fna Feestlift en lês it ‘Nijs’ en de ‘Skriuwsels’. Of skriuw sels!